Earepinning foar hûndertjierrich bestean fanfare De Lofstem yn Sumar

24 nov 2019 - 11:32

Kristlike fanfare De Lofstem út Sumar hat in keninklike earepinning krigen. De Lofstem bestiet dit jier hûndert jier en dat jubileum is sneon fierd mei in jubileumkonsert.

De pinning is dêr útrikt troch boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel. Foarsitter Trynke van der Veer naam de ûnderskieding yn ûntfangst.

De keninklike earepinning wurdt útrikt oan ferieningen of ynstellingen dy't safolle jier bestean.

Trefwurden: 
Sumar Earepinning fanfare
(advertinsje)
(advertinsje)