Stappers oanhâlden yn Ljouwert, plysje set flybjende man masker op

24 nov 2019 - 08:00

De plysje hat sneontenacht yn it útgeansgebiet yn Ljouwert meardere minsken oanhâlden. Benammen oan de ein fan de nacht wie it ûnrêstich, bygelyks op it Ruterskertier, mar troch optreden fan de plysje rûn it oer it algemien net út de hân.

argyffoto - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Oan it begjin fan de nacht waard in 17-jierrige jonge út Noardeast-Fryslân oanhâlden, om't hy mei de identiteitskaart fan in oar in kroech yn de Alde Doelesteech yngean woe. De jonge hie dat alris earder besocht en moast dêrom de sel yn.

Ek twa ynwenners fan Súdwest-Fryslân moasten in nacht yn de finzenis trochbringe. Sy waarden troch de plysje nei hûs stjoerd om't se dronken wiene, mar mei dat advys diene se neat.

Flybmasker

In 26-jierrige Ljouwerter makke it wol hiel bûnt. Hy flibe twa kear in portier fan in kafee yn syn gesicht. Om't hy net ophold, sette de plysje him in flybmasker op.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert oanhâlden
(advertinsje)
(advertinsje)