Brân makket gat yn dak wenpleats yn Eagmaryp

By in brân oan de Langedyk yn Eagmaryp is sneontejûn it dak fan in wenpleats skansearre rekke. De brân ûntstie boppeyn de souder fan de pleats en makke in flink gat yn it dak.
© De Vries Media
De brânwacht skaalde yn earste ynstânsje op nei in middelbrân, mar hie it fjoer rillegau ûnder kontrôle. Der wiene doe al gjin minsken of bisten mear yn de pleats.
Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.