Flyers winne alles en bliuwe koprinner nei striid tsjin Antwerp Phantoms

De UNIS Flyers ha de Antwerp Phantoms mei 4-6 ferslein. De Feanster wisten de Belgen pas yn de tredde perioade te ferslaan.
© UNIS Flyers
De Flyers hiene it lestich tsjin de Belgen. It team kaam wol op foarsprong fia Jord Smid, mar tsien minuten lette wie it ek alwer lyk troch Patrick van Noten.
Antwerp pakte dêrnei goed troch, want Akke Klijssen soarge foar de 2-1 en yn de twadde perioade rûnen de Antwerpenaren fierder út nei 4-1. Adam Bezak en Pippo Limnell holden de Flyers yn de wedstriid troch foar it ein fan de twadde perioade wer 4-3 te meitsjen.
Fuort nei it begjin fan de tredde perioade makke Ronald Wurm de 4-4. In pear minuten letter wie der alwer in goal, doe't Adam Bezak de 4-5 binnen knalde. Petersen beslikke it duel troch de 4-6 op it skoareboard te setten.

Koprinner

UNIS Flyers stiet nei fiif wedstriden boppe oan de BeNe League. De Feansters wûnen oant no ta alles en ha sa 15 punten bymekoar spile, trije mear as de nûmer twa, Hijs Den Haag.