Aris koerste ôf op superstunt tsjin koprinner Landstede, mar koe net winne

23 nov 2019 - 22:10

De basketballers fan Aris ha ferlern fan de Landstede Hammers út Swolle. Yn it Kealledykje wie de koprinner mei 86-99 te sterk.

Foto: Omrop Fryslân, Eric Ennema

Yn it earste kwart koe Aris goed meikomme mei Landstede. Aris kaam sa no en dan sels op foarsprong en einige it kwart mei in 27-25 stân. Yn it twadde kwart die bliken wêrom't de Swollenaren earste steane: It kaam gau lyk en rûn út ta 35-48. De Ljouwerters werpakten harren doe en kamen werom ta 49-52 op de ein fan it twadde kwart.

Spannende wedstriid

Yn it tredde kwart stie Aris al gau wer neist Landstede, en helle it de besikers sels efkes yn. Landstede kaam der dêrnei wer oerhinne en gong mei in 75-78 foarsprong it lêste kwart yn.

Dat lêste kwart wie goed spannend, want Aris bleau hieltyd mar krekt efter Landstede. Yn de lêste pear minuten rûnen de besikers dochs noch wat út, wêrtroch't de wedstriid úteinlik yn 86-99 einige.

Aris bliuwt achtste yn de Dutch Basketbal League, twa punten foar hikkesluter Apollo Amsterdam.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)