Topfavoryt Groenewoud mist slach op tredde dei Trachitol Trophy, Bosma pakt sulver

Kelly Schouten hat de tredde dei fan de Trachitol Trophy wûn, foar Merel Bosma en Jade van der Molen. Dy wenje beide op It Hearrenfean.
© Timsimaging.nl
Marijke Groenewoud fan Hallum wûn de earste twa wedstriden, mar miste sneon de slach doe't in grutte groep der fantroch gong.
Healwei de wedstriid naaide in groep fan goed 30 rydsters út. Se setten it peloton op in ronde achterstân. Marijke Groenewoud koe dêrtroch net mear winne.
Nei in pear oanfallen kaam it oerbleaune peloton twa rondes foar de ein wer bymekoar. Yn de einsprint wie Kelly Schouten de rapste, folge troch Merel Bosma en Jade van der Molen.
Schouten nimt de lieding yn it tuskenklassemint oer, folge troch Groenewoud en Bosma. Manon Kamminga stiet earste yn it punteklassemint.

Manlju

By de manlju gong de oerwinning foar de tredde kear op rige nei Gary Hekman, foar Sjoerd den Hertog. De yn Hearrenfean wenjende Italiaan Daniel Niero waard tredde. Hekman hâldt de lieding yn it tuskenklassemint.

Finale

De fjirde en lêste wedstriid fan de Trachitol Trophy is sneintemiddei yn Grins.