LDODK ferslacht DVO en bliuwt koprinner

LDODK is ek nei trije ronden noch sûnder puntferlies. Yn Bennekom waard DVO mei 23-29 ferslein. De kuorballers út De Gordyk en Terwispel bliuwe dêrmei allinnich koprinner fan de Korfbal League.
© LDODK.nl
DVO begong de wedstriid mei in foarsprong. It spul gong oant 7-7 lykop, mar dêrnei rûnen de Gordyksters troch fiif goals op rige út nei 7-12. By it skoft wie it 12-15.

André Zwart werom yn de basis

Man fan de wedstryd waard André Zwart. Hy spile dit seizoen oant no ta yn it twadde fan LDODK, mar ferfong Christian Dekkers yn de basis en kaam ta fiif treffers. De maskimale foarsprong yn de twadde helte wie tsien goals (18-28). Yn de slotfaze mocht DVO de stân in bytsje draachliker meitsje. Einstân: 23-29.
Topskoarders wiene Marjolijn Kroon, Erwin Zwart en Lieneke Pries mei elk 6 treffers.

Koprinner

LDODK bliuwt troch de winst koprinner yn de Korfbal League. Se ha no seis punten, folge troch PKC, Fortuna en TOP mei fiif punten.