Nederlânske froulju pakke sulver op ploege-achterfolging yn Poalen

Antoinette de Jong hat mei Ireen Wüst en Melissa Wijfje in sulveren medalje wûn op de ploege-achterfolging by de wrâldbekerwedstriden yn it Poalske Tomaszów Mazowiecki. De froulju liken op wei nei goud te wêzen, mar Ruslân wie krekt wat rapper.
De reedrydfroulju op de WK ôfstannen yn Inzell © www.orange-pictures.nl
It ferskil tusken Nederlân en Ruslân wie lyts: 3.02,78 tsjin 3.02,88. De formaasje fan bûnscoach Jan Coopmans kaam dus mar 0,12 tellen te koart foar it goud. Kanada waard tredde yn 3.03,72. Wrâldkampioen Japan foel en die dêrtroch net mei om de priizen.

Oare Friezen

Douwe de Vries waard by de B-finale op de 1500 meter twadde. Michelle de Jong kaam wol yn in A-finale út, nammentlik de 500 meter. Sy waard dêr 15e.