Twa Fryske medaljes op massastart yn Poalen

23 nov 2019 - 17:25

De massastart foar mannen by de twadde wrâldbeker reedriden yn Poalen hat twa Fryske medaljes opsmiten. Jorrit Bergsma helle sulver, en Arjen Stroetinga pakte it brûns.

Foto: Martin de Jong

De Oranjemannen moasten it yn de einsprint ôflizze tsjin de Amerikaan Joey Mantia. Dat is de regearjend wrâldkampioen op dit ûnderdiel.

Bergsma wie in wike lyn by de earste wrâldbekerwedstriid yn Minsk de fluchste en de tûkste fan it peloton. Yn Tomaszów Mazowiecki reagearre hy fjouwer ronden foar de ein op it goeie momint, doe't de Rus Danila Semerikov besocht te ûntsnappen.

Bergsma koe de Rus weromhelje, mar yn de einsprint wie Mantia te fluch.

Bergsma en Stroetinga koene earder op de dei beide de races yn de heale finales wol winne.

(advertinsje)
(advertinsje)