Bûtenpost wit ek by HZVV net te winnen

23 nov 2019 - 17:11

VV Bûtenpost hat yn Hoogeveen mei 3-0 ferlern fan HZVV. De Blaukes steane no lêste yn de Haadklasse B.

Trainer Jasper Bouma - Foto: Orange Pictures

Bûtenpost kaam al nei sân minuten spyljen op efterstân. In frije traap fanôf rjochts kaam foar de fuotten fan Kelly João, dy't de bal maklik yn de goal sjitte koe.

Beide ploegen kamen dêrnei net echt oan kânsen ta. Tichtst by wie noch HZVV-oanfaller Sander Dzemidzic, dy't in hoekskop rjocht op doel skeat, mar Bûtenpost-keeper Van der Meulen koe de bal oertikje.

Blessuere

Yn de twadde helte rekke Halbe Elzinga blessearre nei in ûngelokkige botsing. Hy waard ferfongen troch Martijn Douma. De Blaukes diene ek noch twa oare wiksels, mar it holp net.

In goed kertier foar tiid waard it 2-0 troch Yoran Popovic, en in pear minuten letter wie it hielendal oer, doe't Tim Riksman út in hoekskop ek noch de 3-0 binnen tikje koe.

Hikkesluter

VV Bûtenpost hat in lestich begjin fan it seizoen. Der waarden yn alve wedstriden noch mar 5 punten helle en dêrmei stean de Blaukes lêste yn de haadklasse B, op doelsaldo efter De Dijk en DETO. Bûtenpost hat yn de kompetysje noch mar ien kear wûn, dat wie begjin septimber tsjin DETO.

(advertinsje)
(advertinsje)