Harkemase Boys ferliest fan leechfleaner Goes

23 nov 2019 - 16:36

Harkemase Boys hat op it eigen sportpark De Boske ferlern fan Goes. De Harkiten wiene lang de betteren, mar gongen se dochs mei 2-3 ûnderút.

Foto: Orange Pictures

De Harkiten kamen al nei 5 minuten op foarsprong, doe't Berwoud Beimers de 1-0 binnen koppe koe. Harkemase Boys bleau dêrnei de boppelizzende partij, mar koe gjin grutte kânsen kreëarje.

Nei in goed healoere spyljen tocht Goes lyk te kommen. Steve Schalkwijk skeat de bal yn de goal, mar hy stie bûtenspul dus it feest gie net troch. Dat betsjutte fuort ek de ein fan in sterke faze fan Goes.

De Harkiten namen it spul wer oer, en dêr kaam ek al gau in goal út. Jesse Renken stjoerde Henny Bouius fuort mei in bal troch de loft. Dy koe oannimme en de bal by de keeper del skowe: 2-0.

Goes komt werom

Binnen twa minuten skoarde Goes ek alwer de 2-1. Schalkwijk krige de bal flak foar de goal, draaide om twa ferdigeners hinne en skeat de bal yn de koarte hoeke.

Yn de twadde helte kaam Goes op likense hichte. Neidat Schalkwijk flak nei it skoft al ris op de keeper sketten hie, krige hy in pear minuten letter de bal by Remon de Vlieger. Hy knalde de bal mei in heale omhaal binnen.

Jacht op de foarsprong

Beide teams sochten dêrnei dúdlik nei de foarsprong. Dy wie der úteinlik foar Goes. De Siuwen krigen in hoekskop, dy't hurd nei spits Daniel Wisser spile waard. Hy skeat de bal fanôf de râne fan it strafskopgebiet hurd yn de krusing: 2-3.

De Harkiten gongen dêrnei op jacht nei de lykmakker, en krigen ek wol wat kânskes, mar de 3-3 siet der net mear yn.

"Dit hie net ien ferwachte"

Harkemase Boys stiet der nei tolve wedstriden bêst foar yn de tredde difyzje. It team hat 23 punten en stiet dêrmei tredde.

It ferlies komt hurd oan by oanfierder Henny Bouius en trainer Hans de Jong.

"Dizze komt wol efkes oan", seit Bouius. "Dit hie net ien ferwachte, wy ek net." Bouius seach dat syn ploech wol goed oan de wedstriid begûn: "We begjinne fantastysk, komme 2-0 foar en hawwe it goed foar elkoar, mar dan komt der in faze wêryn't totaal net slagget en reitsje we yn panyk."

Underskatting

Harkemase Boys stiet folle heger op de ranglist as GOES. Dochs is Bouius fan miening dat de Boys de tsjinstanner net ûnderskatten: "Der is totaal gjin sprake fan ûnderskatting. As we net top binne, hawwe we it dreech tsjin elkenien. Dus ûnderskatting libbet totaal net yn de groep."

Trainer Hans de Jong is dêr lykwols net wis fan: "Underskatting soe meispylje kinne. Al hawwe we dêr allermachtich foar warskôge. Mar ast dit sjochst as neutrale taskôger, dan kin ik my foarstelle datst tinkst 'dit giet allegear te maklik hjir'."

De Jong sil no earst de bylden weromsjen, want "Der binne wol dingen, dy't we goed beprate moatte."

De earste minút fan de wedstriid ha de beide teams net spile. Sa woene se in statement meitsje tsjin rasisme op fuotbalfjilden.

(advertinsje)
(advertinsje)