ONS Snits bliuwt hikkesluter nei ferlies by Excelsior

ONS Snits hat yn Rijssen mei 6-1 ferlern fan Excelsior'31. Dêrmei bliuwe de Snitsers stiif ûnderoan stean yn de tredde difyzje. Snits hat it hiele seizoen noch net ien wedstriid wûn.
© Orange Pictures
Snits begong ôfwachtsjend oan it duel yn Rijssen. De Snitsers lieten Excelsior'31 it spul meitsje en besochten sels fia de counter gefaarlik te wurden. Dat pakte net al te bêst út.
Excelsior tocht yn de trettjinde minút al op foarsprong te kommen, mar it doelpunt fan Penterman waard út bûtenspulposysje makke.
Fjouwer minuten letter wie it wol sa fier. Ezafzafi waard ûnderúthelle yn it sechtjinmetergebiet fan ONS; genôch foar in penalty, fûn de skiedsrjochter. De thúsklup fersulvere dy en kaam sa op 1-0.
Excelsior hold dêrnei it bettere spul en kaam tsien minuten foar it skoft ek op 2-0 doe't Hielke Penterman út de kounter skoarde.

Drege twadde helte

Yn de twadde helte hie it alvetal fan Snits it ek dreech. It besocht de oanfal wol te sykjen, en kaam der troch sloarderichheid fan Excelsior ek in pear kear út, mar it kaam net ta skoaren. Excelsior die dat in healoere foar tiid wol wer. Derian Reinders dribbele om trije Snitsers hinne en skeat binnen.
De put like der út by ONS. Excelsior spile reedlik maklik troch de ferdigening fan de Snitsers hinne en makke mei noch in kertier te gean de 4-0. Dy kaam op namme fan Hakim Ezafzafi.
Excelsior kaam noch wol mei in man minder te stean doe't Davina read krige, mar it holp de Snitsers net mear. Tsien minuten foar tiid makke Jamarro Diks der sels noch 5-0 fan.

Earetreffer

Mei noch in pear minuten te gean kaam ONS Snits noch wol ta skoaren fia Dommerholt. Mar Excelsior skoarde ek noch ris. Diks spile de ferdigening fan ONS út en sette de 6-1 einstân op it skoareboerd.
ONS Snits bliuwt hikkesluter fan de tredde difyzje. It team helle oant no ta noch mar trije punten en wist ek noch net te winnen.
De earste minút fan de wedstriid ha de beide teams net spile. Sa woene se in statement meitsje tsjin rasisme op fuotbalfjilden.