Noppert útskeakele op Players Championship Finals

Danny Noppert fan De Jouwer is útskeakele op de Players Championship Finals yn Minehead. Yn de twadde ronde ferlear de 28-jierrige darter nettsjinsteande in goeie 'comeback' mei 6-5 fan Mensur Suljovic út Eastenryk.
Dat it noch sa spannend waard, wie te tankjen oan in goeie slotfaze fan Noppert. De earste pear legs wie de Jouster net yn 'e buert, mar hy koe der dochs in beslissende leg úthelje. Dêryn miste hy ien dart op de bullseye foar de winst, wêrnei't Suljovic fia dûbel trije de partij útsmiet.
It telefyzjetoernoai sit der no op foar Danny Noppert. Oer trije wiken komt hy yn aksje op it grutste toernoai fan it jier: it wrâldkampioenskip yn Londen.