Nyck de Vries makket yndruk: fan 24e nei 7e plak

23 nov 2019 - 14:22

Nyck de Vries hat sneon grutte yndruk makke yn de Formule E. De Vries begûn yn de twadde Formule E race fan it seizoen as ien-nei-lêste, mar klom op nei it sânde plak. Mei tank oan wat gelok, mar foaral knap riden en in pear moaie ynhelaksjes pakte hy mar leafst 16 plakken winst.

Foto: www.orange-pictues.nl

Nyck de Vries einige freed as sechde, mar no moast hy as lêste begjinne. Vergne krige yn it foar al in penalty, wêrtroch't De Vries as 23e begûn.

Fuort by de start pakte hy twa plakken. Dêrnei klom hy stadichoan nei foaren. Yn de race foelen trije koereurs út, wêrûnder de Nederlanner Robin Frijns en krigen in oantal koereurs straffen. Mar De Vries liet ek geweldich racen sjen.

Hy makke goed gebrûk fan de attack mode, sette ek twa kear de fluchste ronde del en liet sjen dat syn auto goed is. Der kaam twa kear in safety car foarby en dêrtroch kaam it fjild tichter op elkoar en koe De Vries dêr optimaal fan profitearje.

Oan de ein kaam noch wol it berjocht dat De Vries sa as se dat sizze Under Investigation stiet troch in battery infraction. Oant no ta hat it noch gjin konsekwinsjes.

Sjoch foar it ferrin it liveblog.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule E
(advertinsje)
(advertinsje)