Cambuur Sjoernaal: Winst yn Eindhoven foar it earst sûnt trettjin jier
SC Cambuur hat foar de trettjinde kear op rige net ferlern yn de earste difyzje. Freedtejûn waard FC Eindhoven mei 3-0 ferslein. Statistysk sjoen giene de Ljouwerters in drege wedstriid temjitte tsjin FC Eindhoven, want sûnt 2006 wie der net wûn yn it Jan Louwers Stadion. Dat barde freed dus wol, troch goals fan Calvin Mac-Intosch, Robert Mühren en in hiele moaie fan Mitchel Paulissen. Dat en mear yn it Cambuur Sjoernaal...