Eigener wol arbeidsmigranten yn leechsteand hoareka-kompleks Bitgummole

23 nov 2019 - 19:43

Der binne plannen om 'tsientallen arbeidsmigranten' te húsfêstjen yn it leechsteande hoareka-kompleks 'Groot Terhorne' yn de buorren fan Bitgummole. De eigeners fan it kompleks en útstjoerburo VZM sille de plannen op 9 desimber presintearje yn it doarp.

It plan past yn it belied fan de gemeente Waadhoeke foar it húsfêstjen fan bûtenlânske wurknimmers. Mar neffens wethâlder Nel Haarsma is it foar it trochsetten fan it plan fan grut belang dat der wurke wurdt oan draachflak yn it doarp. "De minsken dy't hjir wurkje, moatte plak hawwe. Mar soargje foar sprieding, en as der problemen binne, moatte minsken in telefoannûmer belje kinne. Ik hoopje dat it posityf ûntfongen wurdt, mar ik snap ek dat minsken gjin oerlêst ha wolle."

Wethâlder Nel Haarsma en ferslachjouwer Onno Falkena oer de reaksjes yn it doarp

Pleatslik Belang is yn prinsipe 'niet afwijzend', mar hat noch wol in soad fragen oer saken as parkearje, it foarkommen fan oerlêst en ek oer hoe't it mei it byldbepalende kompleks komt. Dus Pleatslik Belang kin pas in echt stânpunt bepale nei de presintaasje fan de plannen en nei it beäntwurdzjen fan alle fragen dy't se hawwe.

By de ynwenners is it it praat fan de dei, want de útnûging foar de ynformaasjejûn is freedtejûn doar-oan-doar ferspraat. Aardich wat ynwenners ha der muoite mei, mar sizze dat leaver net foar de mikrofoan fan Omrop Fryslân. Ek aardich wat minsken hawwe der gjin problemen mei, ek op basis fan eardere ûnderfiningen mei arbeidsmigranten.

Groot Terhorne stiet al in skoft leech en it sealekompleks sil earst noch flink ferboud wurde moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)