LIVEBLOG: Nyck de Vries einiget as sânde

23 nov 2019 - 12:09

Nyck de Vries rydt dizze sneon syn twadde race yn de Formule E fan dit seizoen. Freed waard hy sechde, no begjint hy op it lêste plak oan de race. Om 13.00 oere begjint de wedstriid yn Ryhad, de haadstêd fan Saûdy-Arabië.

14:20
Wachtsje, wachtsje, wachtsje

We wachtsje noch altyd op de offisjele útslach. Dat kin ek samar noch hiel lang duorje, dus slute we dizze liveblog ôf. As der toch noch feroaring komt yn de útslach melde we dat op www.omropfryslan.nl en de app.

13:59
Nyck de Vries nei sânde plak

Lotterer krijt in straf en dus klimt Nyck nei it sânde plak, mar noch gjin resultaat wat Nyck en it Under Investigation-berjocht oangiet.

13:56
Sims wint

Sims wint de race yn Rihad.

Dit is de útslach foarearst:

  1. Sims
  2. Günther
  3. Di Grassi
  4. Vandoorne
  5. Mortara
  6. Lotterer
  7. Rowland
  8. Nyck de Vries
  9. Turfey
  10. Abt
13:55
Nyck nei sânde plak?

We hearre dat Lotterer, nûmer seis, miskien in straf krijt. Dat soe in sânde plak betsjutte foar Nyck de Vries.

13:50
Nyck de Vries komt as achtste oer de streek

Dat is moai. Dat is knap. Mar no ôfwachtsje oft der noch in straf komt.

13:48
Nyck de Vries Under Investigation

Ojee, ôfwachtsje wat der dan bart.

13:47
Attack mode sit der op

Mar der is gjin ien mear dy't de attack mode hat. Nyck leit 1,4 sekonden efter nûmer 7 Rowland en twa sekonden efter nûmer seis Lotterer.

13:44
Noch sân minuten

Rowland is 7e en hat de attack mode ek oan, mar nûmer seis Lotterer net. Wat is der noch mooglik?

13:43
Nyck hat de attack mode oan

En Nyck stiet achtste. Net te leauwen.

13:42
En hoppa

Wer in plakje, Felipe Massa falt der tusken wei, Nyck no njoggende.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule E
(advertinsje)
(advertinsje)