Mear grien moat de ikeprosesjerûp bestride yn Stellingwerven

23 nov 2019 - 11:43

It oanplantsjen fan mear grien en it ophingjen fan nêstkastkes moat de bestriding fan de ikeprosesjerûp de kommende jierren makliker meitsje yn Weststellingwerf. De ôfrûne jierren hat de gemeente ferskate doarpen griener makke troch beammen te plantsjen en bewenners foar in leech priiske túnplanten oanbean.

De gemeente betelle dan rûchwei trijekwart fan de planten en de rest wie foar de bewenners sels.

De ynwenners fan Noardwâlde en Easterstreek hellen sneon harren bestelde planten op. Tsientallen minsken sochten moarns om njoggen oere al nei harren bestelde guod op it parkearplak fan it doarpshûs fan Easterstreek. Rûnom it plein stiene kroaden en oanhingweinen klear om alles wat besteld wie te ferfieren.

In stik of tsien frijwilligers wiene dwaande mei it plantsjen fan de beammen. Se stutsen de hannen út de mouwen om mear as santich beamen te plantsjen yn de iepenbiere romte.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Onze tuin was eigenlijk al heel groen, maar vanwege het project doen we er nog een schepje bovenop.

Emiel Rempt, ynwenner Easterstreek

"Wij hebben veertig rozenstruiken besteld, omdat we een aardig grote tuin hebben" seit Emiel Rempt. "We hadden gehoord dat we via de gemeente voordelig planten konden kopen en daarom doen we mee aan het project." Mar it wie net allinnich de priis dy't it foar him wichtich makke om mei te dwaan. "Onze tuin was eigenlijk al heel groen, maar vanwege het project doen we er nog een schepje bovenop."

Ek Hinke de Vegt strúnt om tusken de planten, struken en beammen dy't ferspraat lizze op it parkearterrein. "Wy hiene allegear keale plakken yn de tún en dat woene we graach wer opfolje om de ynsekten en fûgels wer mear kâns te jaan."

En dat is ek krekt wat de gemeente wol. Wethâlder Hanneke Zondervan: "It is hjir al hiel grien, mar grien hawwe je eins nea genôch. Je kinne der altyd wer mear oan dwaan. Wy hawwe in soad lêst fan de ikeprosesjerûp en we witte dat we dêr wat oan dwaan kinne troch te ynvestearjen yn biodiversiteit."

It giet dan neffens de wethâlder om it plantsjen fan bepaalde blommen en it ophingjen fan nêstkastkes. En se is wiis dat de ynwenners fan de doarpen derby helpe wolle. "Der binne yn totaal al 350 nêstkastkes ophongen en ek by de beplanting is der in soad flecht op de koai. It is fansels ek moai foar de ynwenners dat se dit dwaan kinne sûnder dat it harren in soad jild kostet."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De doarpen Noardwâlde en Easterstreek binne it 21-ste en 22-ste doarp dat op dizze wize griener makke wurdt. Dan binne der noch fjouwer te gean en neffens wethâlder Zondervan hâldt it dêrnei net op. "As it oan my leit, begjinne we dêrnei wer fan foaren ôf oan. De earste doarpen binne al wer in moai skoft lyn en dêr kinne we seker noch wol in ronde dwaan."

(advertinsje)
(advertinsje)