Auto fljocht út 'e bocht en bedarret tsjin hûs by Winaam

23 nov 2019 - 11:06

By Winaam is sneontemoarn in auto fan 'e dyk rekke en tsjin in hûs ta stilstân kaam. De bestjoerder is dêrby ferwûne rekke.

Foto: ProNews

De bestjoerder fleach op de Haulewei út de bocht, wêrtroch is noch net bekend. De auto bedarre dêrnei neffens omstanners mei in flinke klap tsjin de gevel fan it hûs oan.

De bestjoerder is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Oft it hûs ek skea oprûn hat, is net bekend.

Trefwurden: 
Winaam Haulewei
(advertinsje)
(advertinsje)