Dronken Ljouwerter goait eigen fyts yn 'e grêft

23 nov 2019 - 11:05

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Ljouwert in 22-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden. De man hearde by in groep dy't de hiele nacht al foar problemen soarge. Om in oere as trije hinne is de groep op de Nijstêd sjoen.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Dêr smiet de 22-jierrige man earst in fyts midden op 'e dyk en dêrnei ien yn 'e grêft. Letter die bliken dat dy lêste fyts syn eigen wie.

De fyts is yntusken wer út de grêft helle. De man gie op 'e bon foar balstjurrigens en iepenbier dronkenskip.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert fyts
(advertinsje)
(advertinsje)