Quadrider nei koarte achterfolging yn Burgum klemriden troch plysje

23 nov 2019 - 10:15

De plysje hat oan it begjin fan sneontenacht yn Burgum in 16-jierrige quad-rider oppakt. De jonge waard betrape doe't er op de Merk rûntsjes draaide mei de quad, sûnder dat er ferljochting oan hie. De plysje kontrolearre op de Merk yn Burgum fanwege klachten oer oerlêst.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

Doe't de jonge de plysje seach, naaide er út. Hy koe nei in koarte achterfolging klemriden wurde. Doe die bliken dat er gjin rydbewiis hie, der gjin kentekenplaat op de quad siet, de quad net fersekere wie en dat er dêrneist ek syn helm net goed fêst hie.

De plysje hat de quad yn beslach naam. Tsjin de jonge sil proses-ferbaal opmakke wurde.

Trefwurden: 
plysje Burgum
(advertinsje)
(advertinsje)