Nyck de Vries sil as lêste starte yn Formule E

23 nov 2019 - 10:11

Nyck de Vries sil dizze sneon yn de Formule E as lêste starte. De Vries naam risiko, makke in flaterke yn bocht acht en njoggen en dat koste him fuort twa sekonden. Dêrtroch start hy as 24ste yn de twadde race fan dit seizoen yn Saudy-Arabië.

Foto: Mercedes-Benz EQ Formula E Team

Nyck de Vries sette freed noch de tredde tiid del. Hy begûn sadwaande as tredde en einige as sechde. De top tsien pakt punten en dat wurdt no in sa goed as ûnmooglike opdracht.

De ploechgenoat fan De Vries, Stoffel Vandoorne, begjint as 12de. Alexander Sims begjint krekt as freed as earste. De Brit einige úteinlik as achtste. De race waard wûn troch Sam Bird.

De race is te folgjen fia ús liveblog.

Lês hjir it ferrin fan de race fan freed.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule E
(advertinsje)
(advertinsje)