FIDEO: Oftraap fan Fryske top 100 yn Drachten

23 nov 2019 - 13:00

Op de Súdkade yn Drachten is sneontemiddei de ôftraap foar de stimperioade fan de Fryske top 100. Cambuur-trainer Henk de Jong en sjonger Gurbe Douwstra binne oanwêzich om letterlik ôf te traapjen.

De start is fan 13.00-18.00 oere live te hearren en te sjen by Omrop Fryslân. En nei oanlieding fan de startdei is sneontejûn op telefyzje ek in spesjaal programma, mei de leukste petearen en optredens, alle oeren te sjen nei Fryslân Hjoed en it waar.

Stimme yn stimhokjes

Publyk kin fan 13.00 oere ôf terjochte op de Súdkade om syn of har top 5 troch te jaan yn de spesjale stimhokjes. De iepening is ek live te folgjen op radio en telefyzje yn it programma Sneon yn Fryslân.

Minsken dy't thús it programma folgje kinne dan ek terjochte op de website www.frysketop100.nl om harren favoriten troch te jaan.

Dêrneist sille fjouwer wiken lang op ferskate lokaasjes yn de provinsje stimhokjes opdûke.

Dielnimmers meitsje kâns op in jukebox - Foto: Omrop Fryslân

Mear punten foar de nûmer 1

Al mear as 20 jier stjoert Omrop Fryslân op âldjiersdei in list mei de meast favorite lieten fan it Fryske publyk út. Elkenien hat ynfloed op de gearstalling fan de list. Want by it ynfoljen fan in top 5, krijt de nûmer 1 mear punten as de nûmers dêrnei. Under de ynstjoerders wurdt dit jier in jukebox ferlotte.

Stimme op de Fryske top 100 kin fan sneon 23 novimber 13:00 oere oant en mei twadde krystdei op www.frysketop100.nl. Lykas altyd wurdt de list útstjoerd op 31 desimber op 92.2 FM, op telefyzje en yn de Omrop-app.

Trefwurden: 
Drachten Fryske Top 100
(advertinsje)
(advertinsje)