Liander warskôget Huzum foar mooglik oerlêst by reparaasjewurk

23 nov 2019 - 09:50

Netwurkbehearder Liander warskôget ynwenners fan de Ljouwerter wyk Huzum-West dat se mooglik sneon tydlik sûnder stroom sitte kinne.

Foto: Liander

Monteurs binne dwaande om it ferdielstasjon te reparearjen dêr't ôfrûne moandei brân yn ûntstien wie. It giet om it postkoadegebiet 8932. Liander biedt yn it foar ekskús oan foar de oerlêst.

Yn de ôfrûne wike hat de wyk al fjouwer kear lêst hân fan in stroomsteuring.

Trefwurden: 
stroomsteuring Liander Huzum
(advertinsje)
(advertinsje)