Kollum: "Frysk folksliet"

"Woansdei wie it safier. As it de earste kear echt in pear graden ferzen hat, moatte je de ruten fan de auto skrabje. Ik, as grut leafhawwer fan de winter, fier dat altyd troch sêft it Fryske folksliet te sjongen. Dizze kear ha ik de kluit wat besoademitere, want myn buske stiet ûnder de carport en net ik, mar myn frou stie moarnsier te skrabjen. Doe ha ik it folksliet mar even bewarre.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De toan fan Ferdinand
Ik ha in bakje kofje dronken, de krante lêzen en doe wie it noch mar sân oere, wylst ik pas om tsien oere ergens wêze moast. In moaie gelegenheid om in slach troch de bosken en it fjild te rinnen. Der lei in lyts laachje ryp oer it gers en ik ha twa oeren lang allinnich mar stikem oan it genietsjen west. Der wie net in minske op 'e lappen. Wol in stik as wat hazzen en fansels fleagen der guozzen. Lokkiger kinne je my eins net krije. Sêft ha ik even it folksliet núndere, om dizze prachtige iere wintermoarn te fieren.
Ik moast rinnendewei tinke oan Emma. Jim witte grif net wa't dat is, Emma stie dizze wike yn de krante. Emma is foar in soad minsken harren foarlân. Omdat wy net mear gewoan oan it wurk binne, mar ús tiid ferslite yn kantoaren, sjocht it der oer in skoftsje net sa goed út mei ús sûnens. In Britske futurolooch, immen dy't betinkt wat der yn de takomst barre sil, hat Emma kreëarre. Emma is de kantoarmeiwurkster fan de takomst.
Even in opsomming fan wat Emma únyk makket: Se hat in bochel fan it sitten, se hat spatieren troch minne trochblieding, oerstallige fettige swimbannen, drûge reade eagen fan it stoarjen nei in byldskerm, dikke fuotten, reade earms en fuotten, ekseem troch stress en as klap op de fjoerpylk hat se in noas mei oermjittige hiergroei. Dat komt troch minne luchtkwaliteit. Dat is de priis dy't we betelje sille foar ús kantoarbaantsjes. Der stie ek in foto by fan de firtuele Emma. As ik de manlike fariant dêrnjonken tink, stiet se net daliks yn de finale fan de Miss World en sil hy de Chippendales ek net helje.
Sa rûn ik dus op dy geweldige moaie moarn troch de bosken fan Pauwenburg. Net in kop te sjen, want de minsken wienen allegearre wer ûnderweis nei harren kantoaren om fierder yn de rjochting fan Emma te evoluearjen. Wylst der in stik as wat klysters yn de krekt fallen bledsjes omklauden, stie ik samar each yn each mei in grouwe reebok. Hy en ik wienen minder as tweintich meter fan elkoar ôf.
Syn twa hoarnen stienen kearsrjocht op syn kop. Hy snúfde djip troch syn glêde donkerbrune noas, de wazem kaam yn wite wolkjes út syn noastergatten. Hy seach my noch in skoftsje oan, sprong doe as in folleard fierljepper sûnder pols oer de sleat en waard troch syn skutkleur daliks wei yn de yn hjerstkleuren toaide keningsfarens.
Doe tocht ik wer oan Emma. Op har ergonomysk ferantwurde, waarme kantoarke. Mei al har ôfwikings. Foaral dy noas mei dat ekstra hier, dat byld bliuwt hingjen. As dat de foarútgong is, lit my dan winterdeis op in iere moarn mar lekker troch de bosken rinne. Dy foarútgong lit ik graach oan my foarbygean."