FIDEO: Fryske amateurfuotbalklups meitsje statement tsjin rasisme

Meardere Fryske fuotbalklups meitsje dit wykein in statement tsjin rasisme op fuotbalfjilden. Se jouwe gehoar oan in oprop fan antydiskriminaasjeburo Tûmba, yn neifolging fan it Nederlânsk alvetal en de betelle fuotbalklups. De KNVB ropt ek op ta de aksje.
Blau Wyt makket statement tsjin rasisme
Oanlieding foar de oprop binne rasistyske útlittingen fan Den Bosch-supporters oan it adres fan Excelsior-spiler Ahmad Mendes Moreira yn de wedstriid tusken beide ploegen fan snein. Fan de tribune ôf waarden ûnder oare oerwâld-lûden makke yn de rjochting fan Moreira, ek waarden der swarte pite-ferskes songen.

"Fikse overtreding"

Neffens Mirka Antolovic fan Tûmba wurdt by Fryske amateurwedstriden ek geregeld wolris wat roppen. "Ik hoor dat wel van moeders. Dan wordt tegen de kinderen gezegd dat ze er boven moeten staan of dat ze het zich niet moeten aantrekken. Maar het mag gewoon niet, we moeten een zero tolerance beleid hebben. We moeten racisme niet accepteren. Ouders die langs de lijn staan en iets horen, moeten hun mond open trekken. Bij een voetbalovertreding wordt er ook gefloten, een racistische opmerking moet je ook zien als een fikse overtreding. Je moet het met z'n allen doen, want als je het samen oppakt, kun je veel meer."

Hân yn hân

Earder dizze wike kaam it Nederlânsk alvetal al mei in aksje, sy giene hân yn hân op de foto. Yn it betelle fuotbal sil dit wykein nei it begjinsinjaal earst in minút net fuotballe wurde. Freedtejûn wie dat ek by de wedstriid fan Cambuur tsjin Eindhoven it gefal.
Hoefolle amateurklups oft oan de aksje meidogge, is net bekend. Blauw Wit '34 yn Ljouwert begûn sneon yn alle gefallen alle wedstriden mei it statement en by Harkemase Boys is dat dien yn de thúswedstriid tsjin Goes.