UNIS Flyers winne fan Diez Limburg yn Inter Region Cup

22 nov 2019 - 23:17

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freedtejûn yn de Inter Region Cup mei 6-3 wûn fan it Dútske Diez Limburg. Ronald Wurm (twa kear), Trevor Hunt (twa kear), Brent Janssen en Trevor Petersen wiene de doelpuntemakkers.

UNIS Flyers yn in eardere wedstriid - Foto: Martin de Jong

De Inter Region Cup is in minykompetysje tusken Nederlânske, Dútske en Belgyske teams. Al nei in minút kamen de Flyers op foarsprong nei't Ronald Wurm út de rebound skoarde. De Dútske tsjinstanner kaam lykwols dêrnei op foarsprong troch goals fan Bruch en Piwowarczyk: 2-1.

Noch yn de earste perioade pakten de Feansters wer de foarsprong. Brent Janssen wie ferantwurdlik foar de lykmakker en Trevor Hunt sette mei in hurd skot de 3-2 op it skoareboerd.

Foarsprong útwreidzje

De twadde perioade wie minder spektakulêr, mar UNIS Flyers koe de foarsprong wol útwreidzje. Mei syn twadde fan de jûn giene de Flyers mei in 4-2 foarsprong de lêste perioade yn. De besikers út Dietz makken fuortendaliks de oanslutingstreffer. Reed ferrifele keeper Martijn Oosterwijk: 4-3. De oerwinning kaam dêrnei net mear yn gefaar en it slotstik wie foar Hunt en Petersen: einstân 6-3.

De Flyers hawwe troch de oerwinning twa kear wûn en ien kear ferlern yn de Inter Region Cup. Sneon gean de Flyers nei Antwerpen foar in wedstriid yn de BeNe-League tsjin de Antwerp Phantoms.

(advertinsje)
(advertinsje)