Bestelbuske út de bocht by De Langelille, bestjoerder rekket ferwûne

22 nov 2019 - 23:11

By in iensidich ûngelok op de Lemsterwei by De Langelille is freedtejûn in automobilist ferwûne rekke. De bestjoerder fan in bestelbus rekke fan de dyk yn in flauwe bocht en kaam ta stilstân yn in beamwâl.

Foto: De Vries Media

De helptsjinsten, wêrûnder de brânwacht, twa ambulânsen en de plysje kamen rap te plak om de bestjoerder út de bestelbus te heljen. Nei't de automobilist út de auto helle waard, is hy troch it ambulânsepersoniel behannele en oerbrocht nei it sikehûs.

De bestelbus rekke by it ûngelok swier skansearre en is troch in bergingsbedriuw ophelle.

(advertinsje)
(advertinsje)