Mitchel Paulissen: "Hele mooie goal, goed voor zelfvertrouwen"

"Ik denk dat het een hele mooie goal was. Op het moment dat ik hem raakte voelde ik al: deze kan er wel eens lekker in gaan." Dat tocht Mitchel Paulissen by it meitsjen fan it tredde doelpunt yn de wedstriid fan Sportklup Cambuur út tsjin FC Eindhoven (0-3).
Mitchel Paulissen
It wie ek de earste kompetysjegoal fan Paulissen. "Het is een cliché om te zeggen dat dit me niets doet. Het is goed voor het zelfvertrouwen. Ik moet gewoon mijn ding blijven doen en wachten op kansen die ik krijg."
Cambuur-trainer Henk de Jong wie nei ôfrin fan de wedstriid yn Eindhoven ek in bliid man. "Dat binne de mominten om te skoaren: de standertsituaasjes. Dat haw ik ek besocht te fertellen yn 'e rêst. Dêrnei pakten wy goed troch. En in wrâldgoal fan Mitchel Paulissen!"

"Wy stean der goed foar"

Oer de statistiken tinkt De Jong net in soad nei, mar dat syn ploech foar it earst yn jierren yn Eindhoven wûn hat, dat komt wol binnen. "Dit fielt wol lekker. Der binne ek jonges dy't punten ferspile hawwe. Dat dogge wy no net. Wy stean der goed foar!"
Henk de Jong 2
Cambuur hie it yn de earste helte noch dreech, fûn Calvin Mac-Intosch, dy't it earste doelpunt makke. "Dat is niet makkelijk. Feit is dat je dan gewoon geduld moet houden. Ik vond dat we de eerste helft nog wat slordig waren."
Dêrnei kamen de Ljouwerters lykwols goed werom. "Het is altijd lekker om te scoren, helemaal voor een verdediger. En deze belangrijke doelpunten zijn gewoon heel lekker. Dat voelt goed."

"Racisme hoort niet"

Nei de ôftraap wiene de beide alvetallen ien minút stil. "Het is wel iets om duidelijk te maken dat racisme niet hoort", sei Mac-Intosch. "Ik denk dat elk team wel minimaal twee drie buitenlandse jongens heeft en het slaat gewoon helemaal nergens op."
Calvin Mac-Intosch