Drachtster Boys ûnderút tsjin Reiger Boys

22 nov 2019 - 22:39

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn yn Drachten ferlern fan Reiger Boys. De ploech út Heerhugowaard wie úteinlik mei twa goals te sterk foar de Drachtsters: 0-2.

Drachtster Boys by de warming-up. (argyf) - Foto: Twitter: Drachtster Boys/HR Piping Vr.1

Nettsjinsteande inkelde kânsen kaam de wedstriid pas yn de twadde helte los. Chantal Hendriksen fan Reiger Boys makke it earste doelpunt yn Drachten. Efkes letter ferdûbele Sanne Brand de skoare.

Drachtster Boys krige noch wol in strafskop, nei in oertreding op Jessie Prijs. Esther van Toledo skeat de bal lykwols oer.

(advertinsje)
(advertinsje)