Cambuur wurdt wekker yn twadde helte en ferslacht FC Eindhoven

22 nov 2019 - 21:53

SC Cambuur hat freedtejûn mei oertsjûging wûn fan FC Eindhoven. Yn de twadde helte skoarden de Ljouwerters trije kear yn it Jan Louwers Stadion. Calvin Mac-Intosch, Robert Mühren en Mitchel Paulissen soargen foar de einstân fan 0-3.

Foto: Orange Pictures

De Ljouwerters koene yn Eindhoven gjin berop dwaan op middenfjilder Jamie Jacobs, dy't op de lêste training blessearre rekke. Syn ferfanger wie Stanley Akoy.

Yn de earste helte barde der net in soad. De earste grutte kâns fan de wedstriid kaam pas yn de ekstra tiid fan de earste helte. SC Cambuur-spiler Mees Hoedemakers helle út op 'e râne fan it strafskopgebiet, mar syn skot bedarre krekt njonken de goal.

Twadde helte

Barde der yn de earste helte sa goed as neat, yn de twadde helte wie it fuortendaliks raak. De Ljouwerters kamen al nei in minút yn de twadde helte op foarsprong yn Eindhoven. In frije traap fan Hoedemakers waard by de twadde peal ynkoppe troch ferdigener Calvin Mac-Intosch.

Foto: Orange Pictures

Dêrmei hold it noch net op foar de Ljouwerter. Yn de 51ste minút stjoerde Mac-Intosch fan efterút Issa Kallon de djipte yn. Dy helle de efterline en koe mei in ôfmetten foarset topskoarer Robert Mühren berikke. Hy makke der mei syn trettjinde goal 0-2 fan.

De earste kear dat keeper Sonny Stevens fan Cambuur dizze wedstriid yn aksje kaam, wie yn de 64ste minút. Doe brocht hy rêding op in skot fan Marcelo Lopes. Dêrnei kaam Cambuur op in 3-0 foarsprong. Akoy lei nei in solo rjochting de goal fan Eindhoven de bal ôf op Mitchel Paulissen. Dy sette mei in kreas skot yn de rjochterkrusing de einstân op it skoareboerd: 0-3.

Trettjin wedstriden net ferlern

SC Cambuur hat no trettjin wedstriden op rige net ferlern en stiet mei 36 punten út sechstjin wedstriden boppe-oan yn de earste difyzje.

FC Eindhoven - SC Cambuur 0-3 (0-0) 47. Mac-Intocsh 0-1; 52. Mühren 0-2; 68. Paulissen 0-3.

Opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa (88. Bangura); Akoy, Hoedemakers, Maulun; Oratmangoen (45. Paulissen), Mühren (81. Ladan), Kallon.

(advertinsje)
(advertinsje)