SC Hearrenfean folslein fit foar wedstriid tsjin PSV

24 nov 2019 - 10:13

Johnny Jansen kin snein yn de útwedstriid tsjin PSV mei syn sterkst mooglike opstelling úteinsette. Elkenien is fit. Dochs wol Jansen syn opstelling net priisjaan. "Daar doe ik deze keer geen uitspraken over."

Foto: Orange Pictures

Oft dat bestjut dat deselde ploech begjinne sil as tsjin Sparta, dêr woe Jansen neat oer kwyt. "Er gaat niet zoveel veranderen."

Hearrenfean hat al sân wedstriden op rige net mear ferlern en treft yn PSV in tsjinstanner dy't yn swier waar sit. De Eindhovenaren hawwe al seis wedstriden efterinoar net mear wûn.

"Al lang ongeslagen"

"Dat wij zo lang al ongeslagen zijn, dat doen we hartstikke goed", neffens Jansen.

"Dat PSV in een moeilijke fase zit, dat is ook duidelijk, maar ze hebben nog altijd veel kwaliteiten dus we zullen echt aan de bak moeten. Ik denk dat zij gebrand zijn op een goed resultaat. Ze zullen flink uit de startblokken komen om zo snel mogelijk te scoren. We moeten zorgen dat we het eerste kwartier goed doorkomen en vanuit daar kijken of we echt goed mee kunnen doen."

Hearrenfean hat dit seizoen al in pear kear sjen litten dat se goeie resultaten helje kinne tsjin ploegen dy't mear balbesit hawwe.

"Ik hoop dat het net zo'n wedstrijd wordt als tegen AZ, daar teken ik voor! PSV zal ons ongetwijfeld terugdrukken, maar dan zijn wij op ons sterkst. Wij moeten goed verdedigen en goede counters plaatsen. Maar we willen ook goed meevoetballen."

Alle fuotbalklups yn de eare- en earste difyzje komme dit wykein yn aksje tsjin rasisme. Gelyk nei de ôftraap meitsje se in statement en wurdt der ien minút net fuotballe. Dat bart nei oanlieding fan it insidint fan ôfrûne wykein, wêrby't in spiler fan Excelsior rasistysk bejegene waard.

"Racisme? Dan voetballen we niet"

Wylst de spilers stil steane, sil der op in boerd yn it stadion de tekst ferskine: "Racisme? Dan voetballen we niet". SC Hearrenfean-doelman Warner Hahn hat Surinaamske roots en fynt it in goeie beslissing dat der no in statement makke wurdt.

"Er is al heel veel over gezegd, maar ik denk dat hier nooit teveel gezegd kan worden", seit Hahn.

"Ook ik ben wel eens racistisch bejegend en heb wel eens gedacht, bekijk het allemaal maar. Vaak zijn het ook mensen waar je het niet van verwacht. Soms vaders met kinderen, soms oudere mensen. Het komt helaas vaak voor en we moeten niet doen alsof het er niet is."

Trainer Johnny Jansen stiet ek efter de aksje. "Ik vind het goed dat het gebeurt, maar ik vind het waardeloos dat het moet. Als ik doorkrijg dat spelers er last van hebben, dan stappen we van het veld af en komen we ook niet meer terug."

Ferwachte opstelling: Hahn, Van Rhijn, Botman, Dresevic, Floranus, Faik, Veerman, Kongolo, Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

De wedstriid PSV - SC Hearrenfean is sneintemiddei om 14.30 oere live te folgjen by Omrop Fryslân Radio yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar wurdt dien troch Arjen de Boer.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal PSV
(advertinsje)
(advertinsje)