Twadde oerwinning foar Marijke Groenewoud by Trachitol Trophy

22 nov 2019 - 20:24

Marijke Groenewoud fan Hallum wie freedtejûn ek op de twadde wedstriiddei fan de Trachitol Trophy de rapste. De reedrydster wie op de iisbaan yn Utrecht de bêste en kaam foar Imke Vormeer en Merel Bosma oer de einstreek.

Merel Bosma ried lange tiid yn in kopgroep oan kop fan de wedstriid. Dochs koe Groenewoud, tegearre mei Vormeer, yn de lêste ronde de kopgroep byhelje en stelde de oerwinning mei in sterke sprint feilich.

Twadde oerwinning

Tongersdei wie Groenewoud ek al de sterkste yn de fjouwerdeiske wedstriid en it wie dizze kear ek wer Vormeer dy't twadde waard. Dêrtroch stiet Groenewoud healwei de kompetysje boppe-oan, folge troch Vormeer.

Marijke Groenewoud wint yn Utrecht Trachitol Trophy - Foto: Timsimaging.nl

Bob de Vries tredde

By de manlju einige Bob de Vries op it tredde plak. De reedrider fan De Haule moast de oerwinning litte oan Gary Hekman, dy't ek syn twadde oerwinning pakte. Kevin Hoekstra waard twadde.

(advertinsje)
(advertinsje)