Hahn oer nasjonaal alvetal Suriname: "Krijg binnenkort telefoontje"

22 nov 2019 - 20:16

SC Hearrenfean-doelman Warner Hahn stiet op de nominaasje om in útnûging te krijen foar it nasjonale alvetal fan Suriname. "Ik heb nog geen telefoontje gehad, maar ik weet wel dat ze dat binnenkort gaan doen", sa seit Warner Hahn. "Ik vind het hartstikke leuk. Ik heb er nog nooit over hoeven nadenken, maar nu opeens is het mogelijk."

Ferline wike makke it Surinaamske fuotbalbûn bekend dat Nederlânske fuotballers fan Surinaamske ôfkomst foar de nasjonale ploech útkomme kinne, sûnder dat se har Nederlânske paspoart kwytreitsje. Warner Hahn is hikke en tein yn Rotterdam, mar hat Surinaamske roots.

"Mijn vader is in Suriname geboren en is daarna samen met mijn opa en oma naar Nederland gekomen. Ik zou het een hele eer vinden voor mijn familie om voor Suriname uit te komen", seit Hahn.

Gold Cup

It Surinaamsk fuotbalalvetal hat him foar it earst yn 'e histoarje pleatst foar de Gold Cup. Dat is it wichtichste kampioenskip foar Noard- en Midden-Amearika en it Karibysk gebiet. In folgjende ambysje fan Suriname is meidwaan oan it WK. No't Suriname him no pleatst hat foar de Gold Cup 2021, is dat foar guon Nederlânske fuotballers mei Surinaamsk bloed reden om foar dat lân út te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)