"Tiid foar stevich tsjinlûd negative berjochten oer psychiatryske pasjinten"

22 nov 2019 - 19:48

It is tiid foar in stevich tsjinlûd foar alle negative berjochten yn de media oer psychiatryske pasjinten, oer minsken dy't oerlêst feroarsaakje, of gefaarlik binne. Dat sei foarsitter Andriaan Jansen fan de ried fan bestjoer fan GGZ Fryslân freed, by de premjêre fan in nije film yn filmhûs Slieker yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Jan Dirk de Haan

Dy film giet oer in keunstprojekt dat twahûndert psychiatryske pasjinten ferline jier mei-inoar dien hawwe. De makkers fan de film wolle wat dwaan oan it stigma dat gauris heart by minsken mei in psychiatryske sykte. De bestjoersfoarsitter fan GGZ Fryslân slút him dêr folslein by oan.

"GGZ Friesland en Synaeda hebben 13.000 á 14.000 patiënten", neffens Andriaan Jansen. "Slechts een heel, heel klein deel daarvan zorgt soms voor overlast. Het is juist andersom. Heel veel psychiatrisch patiënten zijn zélf het slachtoffer van huiselijk geweld en misbruik en heeft ernstige trauma's. De daders van vandaag, zijn vaak de slachtoffers van gister."

"Gau oardiele"

Jansen fynt dat der yn de mienskip en yn de media al hiel gau oardiele wurdt. "Het lijkt erop dat we in een maatschappelijk klimaat komen waarin we hele snelle oplossingen zoeken. Daarbij worden psychiatrisch patiënten heel snel van een stigma voorzien."

In oplossing is dreech, sa tinkt Jansen. Hy sjocht in taak foar syn eigen ynstelling, GGZ Fryslân. "Maar dat kunnen we niet alleen. Die cyclus van geweld en slachtoffer zijn, is een lastig te ontwarren knoop, waar je niet met eenvoudige platgeslagen oneliners een oplossing voor biedt."

It keunstprojekt dat de twahûndert psychiatryske pasjinten mei-inoar dien hawwe, bestie út in grut panorama fan 37 meter lang en 2,5 meter heech. Dat panorama hat ferline jier simmer te sjen west by Grut Lankum yn Frjentsjer. No is der sa goed as wis in nij plak foar fûn, yn it Adverium yn Drachten.

Petear op gong bringe

It is de bedoeling dat de film oer it meitsjen fan dat keunstwurk ûnder oare op skoallen fertoand wurdt, om dêr it petear oer psychiatryske sykten op gong te bringen.

Foarsitter Andriaan Jansen fan de ried fan bestjoer fan GGZ Fryslân

Ferslachjouwer Jan Dirk de Haan by de film

Trefwurden: 
film GGZ Fryslân psychiatry
(advertinsje)
(advertinsje)