Jorrit Bergsma einiget as sechde op de 5000 meter

22 nov 2019 - 19:26

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is freedtejûn yn Tomaszów Mazowiecki bûten it poadium einige. Bergsma ried yn in tiid fan 6.26.12 nei it sechde plak op de 5000 meter fan de wrâldbekerwedstriid.

Foto: Orange Pictures

Patrick Roest wûn de ôfstân en pakte dêrmei syn twadde oerwinning op rige op de 5000 meter. Ferline wike wie Roest ek al de bêste by de wrâldbeker yn Minsk.

Douwe de Vries kaam mei 6.29.87 op it njoggende plak telâne. Olympysk kampioen Sven Kramer ûntbruts yn Poalen fanwegen fysike klachten.

(advertinsje)
(advertinsje)