Wetterpoarte yn Snits krijt oranje kleur tsjin geweld tsjin froulju

25 nov 2019 - 10:44

De Wetterpoarte yn Snits kleuret moandei 25 novimber oranje. Dat is ûnderdiel fan Orange the World, in ynternasjonale kampanje tsjin geweld tsjin froulju. Letter wurde ek oare gebouwen yn de provinsje oranje ferljochte.

De Wetterpoarte yn it sintrum fan Snits - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Sa stiet der ek in oranje ljocht op de fontein fan Sleat, it Stedhâlderlik Hôf en de fontein yn Ljouwert, Crackstate op It Hearrenfean, de tsjerke fan Tsjalbert en de Mariatsjerke yn Mantgum.

Geweld

Yn de hiele wrâld krijt ien op de trije froulju te krijgen mei geweld. Yn Nederlân is it sels 45 persint fan de froulju en famkes. De Feriene Naasjes freegje dêr omtinken foar op de Ynternasjonale Dei tsjin Geweld tsjin Froulju, op 25 novimber. De kampanje Orange the World begjint dyselde dei en duorret oant 10 desimber.

Ferline jier waard de fontein yn Ljouwert ek al oranje ferljochte, krekt as in tal oare gebouwen yn it lân.

(advertinsje)
(advertinsje)