Arjen van der Heide langer ferbûn oan SC Hearrenfean

22 nov 2019 - 17:45

Sportklup Hearrenfean hat it kontrakt fan Arjen van der Heide iepenbrutsen en ferlinge. De 18-jierrige Feanster is no oant 2023 ferbûn oan SC Hearrenfean.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen de Boer

Van der Heide, dy't ek jeugdynternasjonal is, spile oant syn alfde foar Hearrenfeanse Boys. Dêrnei kaam er nei SC Hearrenfean, dêr't er ek de hiele jeugdoplieding trochrûn. Yn augustus dit jier makke Van der Heide út by Heracles Almelo syn offisjele debút yn it earste. "In moai momint, in beleanning foar it hurde wurk", sei er. Dêrnei hat er noch fjouwer ynfalbeurten hân.

Van der Heide is bliid dat er langer oan Hearrenfean ferbûn is. "Ek dit is wer in hiel moai momint. Spesjaal, sa mei myn famylje derby. No kin ik rêstich fierder wurkje oan myn doel: útgroeie ta basisspiler en wichtich wurde foar SC Hearrenfean."

Arjen van der Heide - Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)
(advertinsje)