Noppert oerlibbet earste ronde Players Championship Finals

Danny Noppert hat freedtemiddei de earste ronde fan de Players Championship Finals mar krekt oerlibbe. De Jouster darter wûn yn Minehead yn in beslissende leg mei 6-5 fan Ryan Searle út Ingelân.
© Orange Pictures
De earste fiif legs giene mei de darts mei, mar doe bruts Searle de Fries yn tolve pylken. By in stân fan 4-2 foar de Ingelskman miste Noppert twa darts om werom te kommen. Searle profitearre, mar seach de Jouster noch de folgjende leg pakke.
Dêrnei koe Searle de oerwinning net binnen helje. Noppert kaam goed werom en helle der sels in beslissende leg út. Dêryn krige Searle ien pylk foar de winst, mar dy miste. Fia dûbel seis pakte Danny Noppert dochs noch de winst yn Minehead.
Yn de twadde ronde spilet de Jouster sneontemiddei tsjin Mensur Suljovic út Eastenryk.

Heale finale

Ferline jier helle Noppert de heale finale fan de Players Championship Finals. Nei oerwinningen op ûnder oare Mervyn King en Stephen Bunting ferlear de Jouster úteinlik fan Daryl Gurney.
De bêste 64 spilers fan de PDC Players Championship Order of Merit, de ranglist fan de fliertoernoaien, dogge mei oan it toernoai yn Minehead. It is it lêste grutte telefyzjetoernoai foar it WK yn Londen, dat op 13 desimber úteinset.