Trebol Harns set alles te keap: stuollen, kofjekannen en kabels

22 nov 2019 - 17:12

De ynboel fan stedsskouboarch Trebol yn Harns stiet te keap. Online kinne je meibiede op stuollen, lampen, kofjekannen en al it oare guod. Freed wie der foar belangstellenden in 'kijkdag'. Dêr kamen sa'n 50 minsken op ôf. It grutste part derfan kaam del om noch ien kear binnen te sjen.

"Dat is eins altyd sa by dit soart saken," sa seit de eigener fan de ynboel Pieter van der Schoot. "Minsken binne dochs nijsgjirrich. Miskien om't se hjir as besiker west hawwe of miskien dat se sels ea hjir optreden hawwe."

Echte keapers sitte der op de sjochdei net in soad tusken. "Miskien trije of fjouwer. It measte guod wurdt opkocht troch minsken yn it bûtenlân. Dy hoege it net yn it echt te sjen. Dy keapje it gewoan en sjogge dan by de levering wol hoe't it der útsjocht."

Trebol wurdt de kommende moannen sloopt en der komme apparteminten foar yn it plak. Dêrmei komt in ein oan de kulturele funksje fan it gebou. Al sûnt 1910 wie it yn gebrûk as ûnder oaren restaurant en teäter. Dêr kaam ein oktober definityf in ein oan. De feiling fan al it guod is woansdei 27 novimber op ynternet.

(advertinsje)
(advertinsje)