Folslein nij bestjoer foar froulju Sportklup Hearrenfean

22 nov 2019 - 17:11

In folslein nij bestjoer nimt takom wike de lieding oer it frouljusfuotbal fan Sportklup Hearrenfean oer. De nije bestjoersleden binne Jessica Roosenburg, dy't foarsitter wurdt, en Jouke de Vries en Irene de Goede.

Foto: ProNews

It trijetal sil it stokje oernimme fan it ynterim-bestjoer, dat it ôfrûne healjier besocht hat it frouljusfuotbal wer op 'e rails te krijen. Mei help fan SC Hearrenfean, de gemeente en Sport Fryslân waard de ôfrûne tiid wurke oan it behâld en it trochûntwikkeljen fan it frouljusfuotbal.

Snein Ajax

Sneintemiddei spylje de froulju fan SC Hearrenfean op sportpark Skoatterwâld tsjin Ajax.

(advertinsje)
(advertinsje)