Nije haadoffisier Diederik Greive set yn op frijheid

22 nov 2019 - 17:00

Diederik Greive is de nije haadoffisier fan justysje fan it parket Noard-Nederlân. Hy folget Guus Schram op, dy't yn augustus oerstapte nei it Funksjoneel Parket. De 58-jierrige Greive is freedtemiddei ynstallearre yn de Nieuwe Kerk yn Grins.

"Ik ben geen wisselspeler." Greive is dúdlik oer syn ambysjes: hy wol langere tiid bliuwe om hjir wat te berikken. Ien fan syn belangrykste doelen wurdt om it Iepenbier Ministearje iepener te meitsjen: "We moeten geen zaken afhandelen in achterkamers. Dat leidt tot schandalen. Oordelen in de openbaarheid is de enige manier om de rechtsorde te laten werken voor iedereen."

Greive woe graach oan de slach yn it noarden. Doe't hy de fakatuere seach, twifele hy gjin momint. "Dat zit 'm in de vrijzinnigheid van de noorderlingen. Ze zijn argwanend richting autoriteit en macht. Dat klinkt tegenstrijdig met de functie die ik heb, maar het geeft mij juist een extra reden na te denken over hoe je zelf dingen doet."

Frij wêze

Dy frijsinninchheid stiet foar Greive ek foar it langstme om frij te wêzen. "Ik vind het belangrijk dat het Openbaar Ministerie staat voor vrijheid. Dat we een rechtsorde creëren die het mogelijk maakt dat we ons vrij kunnen uiten."

Hy hat dan ek begryp foar minsken dy't stride tsjin bygelyks de komst fan wynmûnen. "Neem nou dat verzet in Groningen en Drenthe tegen de komst van die molens. Ik begrijo dat wel. De overheid haalt er gas uit de grond, zout en laten er nu windmolens plaatsen. Logisch dat de mensen daar denken: En hoe zit het met ons? Maar ze moeten binnen de wet blijven."

It begryp is dan werom te hearen yn de toan fan it IM yn de rjochtsseal. "Vooral hoe we gaan argumenteren in de rechtszaal en welke taal we daar bij gebruiken. Want, als je veel gevoelens krijgt bij de verdeling van rechtvaardigheid krijg je ook dat mensen het geloof in de rechtsstaat kwijt gaan raken. Dat moet niet. Maar we gaan mensen die over de schreef gaan wel straffen, wel hun vrijheid ontnemen."

Prioriteiten

It Iepenbier Ministearje sil ûnder lieding fan de nije haadoffisier oan de slach mei in oantal prioriteiten. Twa dêrfan binne de oanpak fan lytse kriminaliteit dy't in soad foarkomt, lykas wenningynbraken. In oare wurdt de oanpak fan de saneamde 'ondermijning'. Kriminelen dy't yn de boppewrâld ynfiltrearje, mar ek bedriuwen dy't misbrûk meitsje fan har posysje.

Diederik Greive: "Daar waar de economische ontwikkeling gecorrumpeerd wordt door handelswijzen van bedrijven. Denk dan aan fraude of milieudelicten. Ook dat tast de orde aan om vrij te kunnen zijn."

Dat jildt ek foar de oanpak fan lytse kriminaliteit. Greive: "Als we zaken als winkeldiefstal en woninginbraak laten schieten dan trek je toch ook het vloerkleed onder de rechtsorde vandaan."

Greive sjocht de kriminalteit as in biotoop. "Bedenk nou eens dat je alle vossen afschiet. Dan krijg je enorm veel last van bijvoorbeeld knaagdieren. Pak je het één aan, dan kan het andere groeien. Je roeit de misdaad nooit helemaal uit."

(advertinsje)
(advertinsje)