Michelle de Jong twadde mei teamsprint yn Poalen

Reedrydster Michelle de Jong hat mei Jutta Leerdam en Sanneke de Neeling in sulveren medalje pakt op de teamsprint by de wrâldbeker yn Poalen. Allinnich Ruslân wie rapper. It ferskil tusken Ruslân en Nederlân wie goed oardel sekonde.
© Martin de Jong
Nederlân naam it yn Tomaszów Mazowiecki yn in streekrjocht duel op tsjin Angelina Golikova, Olga Fatkoelina en Daria Katsjanova. Dy lêsten rieden in baanrekôr: 1.27,65. It brûns wie foar Japan.
Ferline wike wûn Nederlân goud by de wrâldbeker yn Minsk. Doe ried Nederlân mei twa Friezinnen: njonken Michelle de Jong die doe ek Letitia de Jong mei.