Fan trije nei ien: wer in riedslid út de fraksje fan PvdA Noardeast-Fryslân

Riedslid Cootje Klinkenberg-Franken stapt fuortendaliks út de fraksje fan de PvdA yn Noardeast-Fryslân. Al sûnt de ferkiezingskampanje en de start fan de nije gemeente is de gearwurking mei de fraksje muoisum, seit se. De fraksje bestiet no allinnich noch út Gryte Schaafstal, want earder stapte Kevin Merkus al oer nei de fraksje fan S!N.
Connie Klinkenberg-Franken © Gemeente Noardeast-Fryslân
Markus hie it oer ferskillen yn ynsjoch en te min romte foar gearwurking. Yn de ferklearring fan Klinkenberg-Franken steane deselde faktoaren. En neffens har gie de fraksje fan it iene nei it oare ynterne konflikt.
"Het verschil van mening over de invulling van de rol als oppositiepartij is voor mij cruciaal. Ik ben in deze raadsperiode altijd solidair geweest maar voor mij is van vertrouwen en goede samenwerking geen sprake meer."

Sit behâlde

Klinkenberg-Franken behâldt har sit yn de ried en bliuwt aktyf ûnder de namme Actief Links Lokaal. Se bliuwt wol lid fan de lanlike Partij van de Arbeid en se wol dat gedachteguod ek útdrage yn Noardeast-Fryslân.

Fraksje en bestjoer fernúvere

De fraksje en it bestjoer fan PvdA Noardeast-Fryslân seit fernúvere te wêzen troch it beslút fan Klinkenberg. De fernuvering sit him net allinnich yn it ferlitten fan de fraksje, mar ek dat Klinkenberg har sit net weromjout oan de partij.
It wie dêrneist wol bekend by it bestjoer dat fraksjefoarsitter Gryte Schaafstal en Cootje Klinkenberg in oare wize fan opposysjefieren hiene. De fraksje en it bestjoer fine it ekstra wrang om't Klinkenberg neffens harren bysûnder fûl wie doe't Merkus fuort gie, mar no sels itselde docht.