Sven Kramer rjochtet him op NK ôfstannen

22 nov 2019 - 16:21

Reedrider Sven Kramer rjochtet him op de NK ôfstannen, ein desimber. Hy mist dit wykein de wrâldbekerwedstriden yn Poalen, fanwege problemen mei de rêch.

Sven Kramer (argyf) - Foto: Orange Pictures

Hy tinkt op 't heden nei oer hoe't er fierder wol. Kramer wol net ride foar in plak yn de middenmoat, mar hy tinkt noch net oan ophâlden. In operaasje oan de rêch neamt er in opsje, mar hy rjochtet him no earst op de NK ôfstannen.

Oft er it seizoen ôfmakket, leit deroan hoe't it dêr giet.

Trefwurden: 
reedriden Sven Kramer
(advertinsje)
(advertinsje)