Wurkstraf âld-Cambuurspiler foar fraude oer Whatsapp

In âld-spiler fan Jong Cambuur hat in wurkstraf fan tritich oeren krigen fanwege fraude fia Whatsapp. De fertochte hie twa freondinnen frege harren bankrekken mei pas en koade beskikber te stellen, sadat in bedriuw der jild op stoarte koe.
© Omrop Fryslân
Wat sy net wisten, wie dat oare minsken der jild op stoarten dy't tochten dat se sa minsken yn jildneed holpen. Yn wurklikheid hellen kriminelen it jild fuort wer fan de rekkens fan de freondinnen fan de âld-Cambuurspiler ôf. Dy seit dat hy net wist wat der echt spile en dat hy ek oplichte is. De rjochter gie der net yn mei.