Meardere aginten mooglik yn oanrekking mei asbest by himpkwekerij Ljouwert

By in himpkwekerij yn in âlde jachthaven yn Ljouwert is mooglik asbest oantroffen yn de grûn. De plysjes dy't de himpkwekerij fûn ha, binne dêrby mooglik yn oanrekking kommen mei de asbestrizels. Oer it oantal planten en oft der oanhâldingen dien binne koe de plysje noch gjin útspraken dwaan.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
De helptsjinsten binne dêrom freedtemiddei manmachtich te plak kaam by de âlde jachthaven oan de Greunswei oan de eastkant fan de Fryske haadstêd. De brânwacht hat fjouwer aginten ôfspield en de klean binne yn ôfsletten sekken ôffierd.
© Kappers Media
It is net tastien om asbestgrûn te hâlden yn de loads, dêrom is de miljeuplysje ynskeakele. Sy sille ûndersykje oft der asbest yn sit en hoe't de grûn dêr telâne kaam is. De himpkwekerij moat noch romme wurde, dêrom bliuwt de plysje oanwêzich.