Siete en Eelco fan Maeykehiem yn lanlike kampanje 'Ik zorg'

22 nov 2019 - 15:26

Twa Friezen binne prominint yn byld yn de nije lanlike kampanje 'Ik zorg', dy't opset is om minsken entûsjast te meitsjen om yn de soarch te wurkjen. It binne wenbegelieder Siete en bewenner Eelco fan soarchynstelling Maeykehiem fan Sint-Nyk, sy binne lanlik op de telefyzje te sjen.

Siete en Eelco fan Maeykehiem yn Sint-Nyk - Foto: Ik zorg

"Heb je 'onze' Eelco en Siete al voorbij zien komen op TV of op een poster?", skriuwt Maeykehiem op har Facebookside. "Vanaf vandaag zijn zij drie weken lang het gezicht van de landelijke 'Ik zorg' campagne met een prachtige foto en nog mooiere commercial!"

By Maeykehiem fine minsken in plak mei in ferstanlike beheining. De ynstelling is der grutsk op dat sy keazen is foar de reklamekampanje. "We zijn een kleinschalige zorginstelling met korte lijnen en medewerkers die elkaar, cliënten en hun familie goed kennen. Bij ons hebben cliënten maximale regie over hun eigen leven en hebben ze veel vrijheid in de mooie omgeving van Sint Nicolaasga," skriuwt Maeykehiem.

Publykskampanje

It regear hopet mei de publykskampanje 125.000 ekstra soarchmeiwurkers oan te lûken, om't it personielstekoart yn de soarch te grut is. Mei persoanlike ferhalen wol minister Bruno Bruins fan Medyske Soarch sjen litte hoe moai it wurkjen yn de soarch is. De kampanje is in gearwurking fan it ministearje fan Folkssûnens, bransj- en beropsferieningen en wurknimmers en wurkjouwers yn de soarch.

(advertinsje)
(advertinsje)