Freedsmerk oer froulju dy't minder barre as manlju

22 nov 2019 - 15:24

It wol mar net opsjitte mei de posysje fan wurkjende froulju: gemiddeld fertsjinje se 6 prosint minder as harren manlike kollega's en yn de top fan it bedriuwslibben moat in kwotum der foar soargje dat der op syn minst in tredde part frou is. Hoe kin it dochs dat der yn it wurk noch sokke grutte ferkillen tusken manlju en froulju binne? Op de freedsmerk hiene de measten gjin idee, mar wie de fernuvering dêroer wol grut.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Bespotlik. it liket nearne nei!" Guon tochten dat it miskien komt om't froulju minder goed ûnderhannelje kinne, mar: "dan ken je mijn schoonmoeder nog niet!", reagearre de tasseman.

In kleanferkeaper tocht dat froulju mooglik minder ree binne om alles foar it wurk te jaan. "Zij gaan vaak eerst voor het gezin. Bovendien hebben ze daardoor meestal ook een gat in hun cv."

Neffens ien fan de besikers fan de merk, moatte de froulju mar nei it Malieveld: "Dêr stean hast alle dagen minken dy't wat wolle!"

Froulju wurde minder betelle as manlju: "Op nei it Malieveld!"

Besiker fan de freedsmerk

Froulju te dominant

In ôfwikende miening kaam fan in fêste freedsmerkbesiker: "Er zijn altijd wel groepen die vinden dat overal meer vrouwen in moeten. Maar ik vind dat het wel wel eens genoeg is geweest. Ze zijn te dominant. Kijk maar naar de politiek, de kwaliteit holt daardoor achteruit. Het is wel klaar zo!"

Gerda de tekstylferkeapster is eigen baas. "Myn bedriuw is 100 prosint frou en de rie fan bestjoer ek, dus ik foldoch wol oan it kwotum!"

Harkje hjir nei de reportaazje fan ferslachjouwer René Koster

Trefwurden: 
froulju freedsmerk
(advertinsje)
(advertinsje)