Ried wol dat trekkers oer beide rûnwegen Bûtenpost meie

22 nov 2019 - 15:03

De gemeente Achtkarspelen sil mei de provinsje Fryslân yn petear oer it lânbouferkear yn en om Bûtenpost hinne. De folsleine ried fan Achtkarspelen wol de súdeastlike rûnwei yn it doarp iepenstelle foar trekkers.

De súdeastlike rûnwei om Bûtenpost hinne - Foto: Google Street View

In moasje fan de koälysjepartijen CDA, ChristenUnie en Gemeentebelangen om op koarte termyn mei de provinsje te praten, waard unanym oannommen troch de polityk yn Achtkarspelen.

Pleatslik Belang en LTO Noard fûnen al dat it lânbouferkear net mear yn it doarp ride moast. Dat fynt de ried no ek, mar dan moat de súdeastlike rûnwei wol iepene wurde foar trekkers. Op de westlike rûnwei meie trekkers al ride.

(advertinsje)
(advertinsje)